Fardou van der Woude Joop Wittemans Tet Rozendal

 Jan Ate Stobbe

 Fardau van der Woude

 Joop Wittermans

 Tet Rozendal

Keapmanskeunsten, in Fryske komyske opera fan Martinus Schuil. Unyk iepenloftevenemint foar leafhawwers fan muzyk, kultuur en drama.

Lês hjir wêr de opera Keapmanskeunsten oer giet.

Yn 2012 dûkte yn de argiven fan Tresoar in komplete Fryske opera op, komponearre troch de Fryske musikus Martinus Schuil (1842-1899). Schuil wie yn syn tiid mei syn muzyk bekend yn Nederlân en Europa. Wy meie him mei rjocht de Fryske Offenbach neame, want dy ferneamde komponist heare wy dúdlik yn Schuil syn wurk.

De kwaliteit fan de muzyk wie sa goed dat Tresoar en Opera Company Noord yn 2014 de komyske opera yn de nije bewurking Keapmanskeunsten op'e planken bringe. Komponist Tjalling Wijnstra restaurearre de partituur en toanielskriuwer/dramaturch Bouke Oldenhof bewurke de tekst.

Mei in profesjoneel orkest, solisten en akteurs (ûnder regy fan Henk Zwart) wurdt Iepenloftteater Burgum-De Pleats it poadium fan fiif brûzende, eigentiidse foarstellings fan Keapmanskeunsten. Leafhawwers fan muzyk, kultuur en drama wollen der fansels by wêze.

Spyldata en lokaasje



Datum:

29 en 30 augustus en
3, 4 en 5 septimber 2014
om 20.00 oere

Útwyk data by min waar

8 en 9 septimber

Plak:
Iepenloftteater/Openluchttheater Burgum-De Pleats

Kaarten bestelle

Kaarten bestellen Keapmanskeunsten
Prizen

Kaarten € 20,- mei kofje/tee yn't skoft

Klik hjir foar de online kaartferkeap via Ticketmaster

Wolle jo kaarten keapje foar in groep, dan kinne jo no al kontakt opnimme mei:Tresoar, Tel. 058-7890740 of 058-7890792

Arranzjeminten kinne je no ek al bestelle. Nim derfoar kontakt op mei De Pleats. Tel. 0511461556.

De arranzjeminten kinne jo hjir besjen.

© Keapmanskeunsten 2014